Muzykkeatsen mei Guus Meeuwis
Bij de welpen wienen der fjouwer petoerkes wêrfan ien trijetal. Om it earste en twadde plak waard om raak strieden. Bij oanfang fan de lêste wedstriid hienen petoer 2 Hendrik Wiedijk en Marten de Jong en petoer 3 Willem en Hester Reitsma en Jeen Arendz alle twa 14 earsten. Dus wie dit ek de finale partij. De beide petoeren makken der in spannende striid fan. It gie gelyk op oan te mei 4 earsten gelyk. Fanôf dat momint wie it petoer Arendz/Reitsma dat de partij nei harren ta luts en de krânse ophelje mocht. Der wie ien lyts probleemke, de kommisje hie der gjin rekken mei hâlden dat der in trijetal winne soe dus wie der in krânse te min. Dit wie tige spitich omdat dizze krânsen eltsenien graach winne woe omdat der neist blommen ek hearlike lolly’s yn ferwurke wienen troch Doete Anema. Gelokkich wie Maria Molenbuur dy’t doe sei fan dy fiifde krâns der soargje we foar. Dus Jeen; de krâns komt der oan! Willem (fan Tjitte) soarge al foar in Reitsma krâns op de Skilaerderdyk, it wienen no 2 oare Reitsma’s dy’t der foar soargen dat der no ek spikers yn de mourre moatte op de Wal en yn Easterwierum. Willem (fan Jan) en Hester soargen hjir foar. By de puppillen plus wienen 3e petoerkes. Bregt Arendz en Rutger Fopma lieten sjen dat se dit jier al faker mei elkoar keatst hienen en aardich op elkoar yn spile wienen. Sy woenen harren beide partijen en woenen dêr troch de earste priis. De striid om it 2e plak gie tusken petoer 2 Jurriaan Tolsma, Thomas van Keulen en Riemy Reitsma en petoer 3 Matthijs van Keulen en Sjoerd van Dijk. Beide petoeren hienen lyke folle foar as tsjin earsten. It ûnderlinge resultaat moast troch slach jaan en hjir kaam petoer 2 as winner út de bus. Oare wike gean we der op út en wurdt der keatst mei de leden fan Wiuwert/Britswert, Jorwert, en Easterwierum. De earste slach sil dan om healwei tsienen slein wurde yn Easterwierum. Oant oare wike yn Easterwierum. Foto; Anna Karin de Jong.
Geplaatst op 29 May 2011